SMS-ke op ferkiezingsdei

01 mrt 2007 - 11:57

Om safolle mooglik minsken nei de stimbus te krijen, komt de provinsje foar de Steateferkiezings mei in spesjale service. Om it publyk te herinnerjen oan dy ferkiezings, stjoert de provinsje op de dei foar de ferkiezings en op de dei sels, 7 maart, in sms-ke.

Minsken dy't sa'n sms-ke op harren mobyltsje ûntfange wolle, kinne har oanmelde op de ferkiezingssite joulûd.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)