Gjin lânbouferkear op fytspaad

© Omrop Fryslân
It fytsferkear en it lânbouferkear moat oeral yn Fryslân fan elkoar skieden wurde. Dat wol it Fytsersbûn. It bûn freget yn in brief oan alle kandidaat-Steateleden fan de provinsje om dy skieding op te nimmen yn harren ferkearsbelied.
Op paralleldiken barre in soad ûngelokken mei fysters om't der ek lânbouferkear rydt. It Fytsersbûn wol aparte fytspaden nêst de paralleldiken of it lânbouferkear derôf.