Sint Nyk lilk op gemeente

01 mrt 2007 - 10:13
  • Soarchapparteminten yn suvelfabryk?

Doarpsbelang Sint Nyk hat it hielendal hân mei de gemeente Skarsterlân. Al jierrenlang komt de gemeente mei allegear plannen foar it terrein dêr't it âld suvelfabryk op stie. Earst soe der in multyfunksjoneel sintrum komme, letter wer in kultuerhûs, mar fan al dy plannen is neat mear oer.

Sa't it no stiet komme der 30 soarch- apparteminten foar âlderein en mooglik in pear gewoane wenten. Doarpsbelang fynt dat net nei ideeën harke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)