Freonen foar Hylper museum

Hidde Nijland Museum wol mear ûndersyk
It Hidde Nijland Museum yn Hylpen krijt in eigen feriening fan freonen. It bestjoer, de aktiviteitekommisje en de frijwilligers fine dat belangryk omdat der sa better gearwurke wurde kin.
Fanút de nije feriening moat der ek mear ûndersyk dien wurde nei de skiednis fan Hylpen. Foaral ûndersyk nei it Hylper kostúm, de fiskerij en it skilderwurk kin it museum goed brûke.