Snits en Boys fierder yn beker

01 mrt 2007 - 09:43

De Fryske haadklassers Snits en Harkemase Boys hawwe harren pleatst foar de lêste acht fan de noardelike beker. Snits wûn thús mei 1-0 fan Urk. De goal waard nei tweintich minúten yn de 2e helte makke troch Dennis Schat.

Harkemase Boys wûn mei 3-1 fan SVBO. Tony Alberda sette de Boys op 1-0 wêrnei't de sneins earsteklasser noch foar it skoft op 1-1 kaam. Nei it skoft soargen in eigen goal en op 'e nij Alberda foar de 3-1 einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)