Flyers ûnferwachts lâns Geleen

01 mrt 2007 - 09:06

De Vadeko Flyers hawwe woansdei de earste play-off wedstriid yn de heale finale ûnferwachts wûn fan Geleen. Nei penalty-shots wûn de ploech fan coach Andjelic mei 4-3. De Flyers kamen werom fan in 3-1 achterstân.

Nei trije perioaden wie de stân 3-3, wêrnei't penaltyshots de beslissing brachten. Yn de reguliere spieltyd skoarde Casey Bartzen twa kear en Jacco Landman ien kear. De heale finale giet om in best-of-five searje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)