Biolooch yn earm tsjin plannen

© Omrop Fryslân
De Fryske Feriening foar Fjildbiology wurdt hieltiid faker rieplachtte troch partikulieren dy 't planologyske ûntwikkelingen opkeare wolle. Troch oerheden te wizen op de oanwêzichheid fan in beskerme plant of bist wolle sy foarkomme dat diken en wenplannen oanlein wurde.
De 300 frijwilligers lizze gegevens oer plante- en bistesoarten fêst, Ek advysburo's en gemeenten dogge faker in berop op de feriening.