Viktor&Rolf-klompen út Fryslân

28 feb 2007 - 18:21

Klompmakker Scherjon fan Noardburgum krige de opdracht om klompen te beskilderjen foar de nijste kolleksje fan de Nederlânske moade-ûntwerpers Viktor & Rolf. Dy is ynspirearre en basearre op Hollânske folkloare.

Ofrûne moandei waard de nijste kolleksje fan Viktor & Rolf presintearre yn Parys. It gemarmerde skilderwurk op de klompen is fan de firma Scherjon út Noardburgum. De modellen rûnen op klompen mei hakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)