No ek al "cv" foar pjutten

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel sil de ûntwikkeling fan pjutten byhâlde op spesjale formulieren. Dat gebeurt ek al yn in tal oare gemeenten. Op it saneamde pjutte-cv kinne learkrêften fan de basisskoalle sjen hoe't it stiet mei de ûntwikkeling fan it bern, bygelyks yn it brûken fan taal en omgong mei oare bern.
It bysûndere yn Dantumadiel is dat dêrby gearwurke wurdt mei de Jeugdgezondheidszorg.