Undersyk nei needlanding F-16

28 feb 2007 - 11:56
  • de F-16 dy't in búklanding makke

In ûndersykskommisje moat sa gau as mooglik boppe tafel krije hoe't it mooglik wie dat in F-16 fan de fleanbasis Ljouwert syn noastsjil kwyt rekke is. Tiisdeijûn makke in F-16 om dy reden in búklanding. It tastel rekke kwalik skansearre en de piloat kaam mei de skrik frij.

It meiwurker fan de basis seach dat der nei de start wat fan it tastel ôffallen wie. It tsjil is letter op de basis sels weromfûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)