Pompstasjonoerfaller oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemoarn in 33-jierige ynwenner fan It Hearrenfean oanhâlden. De man hat mooglik it tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei oerfallen.
In meiwurker fan dit tankstasjon is op freedtejûn 26 jannewaris bedrige mei in fjoerwapen troch in ûnbekende man. De man woe al it jild út de kassa hawwe, in pear hûndert euro. Dêrnei is er fuortfytst. De plysje hat yn de dagen nei de oerfal buertûndersyk dien.