Langwarderdyk wurdt oanpakt

28 feb 2007 - 10:29

De Langwarderdyk tusken Hûsterheide en Langwar is fan takom moandei ôf trije wiken ôfsletten. De 60-kilometerdyk wurdt oanpakt om't der noch te faak te hurd riden wurdt. Camping Blaauw en de achterlizzende rekreaasjewenningen binne dêrtroch tydlik net berikber mei de auto. It fytspaad kin wol brûkt wurde.

Alle ferkear fan en nei Langwar en Boarnsweach wurdt fia buorden omlaat fia Sint Nyk, Idskenhuzen en Diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)