'Grinzen stelle oan liening'

28 feb 2007 - 10:22

De ekstra liening foar starters op de wenningmerk dêr't de ried fan Snits op 6 maart oer praat, is net goed tasnien op de doelgroep. Dat fynt riedslid Gerry ter Hoorst fan de SP.

Minsken dy't in hûs keapje wolle, kinne fan de gemeente boppe op de hypoteek nochris 20% fan de keappriis liene mei in maksimum fan 40.000 euro. Neffens de SP kinne ek minsken mei in boppemodaal ynkommen dêr gebrûk fan meitsje foar bygelyks in hûs fan 2 ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)