Nije skoalle tusken doarpen yn

© Omrop Fryslân
De kristlike basisskoalle De Claercamp yn Gerkeskleaster/Stroobos krijt nije alle gedachten in oar plakje yn it twillingdoarp. In wurkgroep tinkt dat nijbou yn de iepen romte tusken beide doarpen yn de bêste oplossing is. Fanwege de lûdssirkel fan skipswerf Barkmeijer kin dêr eins net boud wurde, mar de provinsje sil mei in oplossing komme.
De âlde skoalle is te lyts en moat opknapt wurde.