Wachtlist foar fersoargingshûs

© Omrop Fryslân
Soarchgroep Tellens is benaud foar gigantyske wachtlisten by de wensoarchsintra. Dat komt omdat de thússoarch aanst minsken yn doarpen fierder fuort net mear helpe kin. Neffens Anneke Aldenkamp fan de Rie fan Bestjoer by soarchgroep Tellens driget de thússoarch te ferskralen.
As gefolch fan de nije soarchwet wurdt der altiten keazen foar de goedkeapste foarm fan soarch, as der sjoen wurdt hoefolle soarch in klant nedich hat.