Buert ynformearre oer misbrûk

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân sil der alles oan dwaan om de rêst op De Gordyk te bewarjen. Boargemaster Sicko Heldoorn seit dat nei oanlieding fan de arrestaasje fan 16-jierrige jongen út dat doarp. Dy soe ferline jier 2 buertgenoatsjes fan 5 en 12 jier misbrûkt ha. De oanhâlding soarge foar in protte ûnrêst yn de buert.
By in spesjale ynformaasjejûn fan it senarioteam fan justysje rûnen moandei de emoasjes heech op.