Twa jier sel foar misbrûk

de rjochter lêst de útspraak foar
De rjochtbank yn Ljouwert hat in man (41) út Wytmarsum ta twa jier sel feroardield, wêrfan seis moanne ûnder betingst. De man hat fjouwer jonge famkes seksueel misbrûkt. De bern kamen by de man oer de flier, omdat syn frou oppasmem is. De man hat sels altyd ûntkend.
De eask wie trije jier sel, mei ien jier ûnder betingst. It is noch net bekend oft de offisier yn heger berop giet tsjin de útspraak fan de rjochter.