Jonge(16) fertocht fan ûntucht

27 feb 2007 - 10:05

In ynwenner (16) fan De Gordyk is ôfrûne freed oanhâlden op fertinking fan it plegen fan ûntucht mei twa jonkjes fan 5 en 12 jier. De rjochtbank fan Ljouwert hâldt de jongen foarearst 9 dagen fêst.

Hy wurdt der fan fertocht dat er de twa jonges fan ôfrûne simmer oant oktober misbrûkt hat. De slachtoffers komme út deselde buert as de fertochte. Moandeitejûn wie der in ynformaasjejûn foar de buert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)