Achtkarspel: mear spijbelaars

27 feb 2007 - 09:53

It skoalfersom yn de gemeente Achtkarspelen is ferline jier op 'e nij tanaam. Dat docht bliken út sifers fan de gemeente. Yn it skoaljier 2005-2006 krige de learplichtamtner 78 meldings fan skoalfersom.

De stiging komt foaral trochdat hieltyd mear famkes fan skoalle weibliuwe. Opfallend is dat it grutste part fan dy meldings komt út fjouwer doarpen, Bûtenpost, de Harkema, Twizelerheide en Stiensgea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)