Goed winstjier foar Neways

It bedriuw Neways hat it ôfrûne jier syn winst mear as ferdûbele. Waard yn 2005 noch in winst fan 5,1 miljoen helle, yn 2006 wie dat 11,2 miljoen. De omset fan it bedriuw groeide mei 15 prosint oant goed 238 miljoen. Sjoen de sifers fan ferline jier ferwachtet Neways ek dit jier in goed jier te draaien.
Neways hat ûnder oare in fêstiging yn Ljouwert. It bedriuw makket elektroanika.