Ekstra 'Ja suster, Nee suster'

27 feb 2007 - 07:52

De Frysktalige toanielfoarstelling 'Ja suster, Nee suster' lûkt safolle belangstelling dat der noch in ekstra foarstelling komt. Toanielferiening Halbertsma fan Wergea sil it famyljestik no mei-inoar acht keer spylje. De ekstra foarstelling is op sneintemiddei 11 maart.

De foarstelling gie ôfrûne freed yn premjêre. Halbertsma is de earste toanielferiening dy't de rjochten krigen hat foar in Fryske fersy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)