Gjin ferbod ljipaaisykjen 2007

27 feb 2007 - 07:41

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet 31 maaie it fersyk fan de Faunabeskerming om it ljipaaisykjen foar de takomst te ferbieden. Dat is nei de aaisykperioade en dat betsjut dat it sykjen fan ljipaaien dit jier noch gewoan troch gean kin.

Neffens de Faunabeskerming binne der gjin nije ûntwikkelings dy't meitsje dat it ljipaaisykjen noch foar it seizoen ferbean wurde kin. De aaisykperioade set 1 maart útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)