Undersyk nei loftmachtoefening

Definsje docht de kommende dagen ûndersyk nei de gefolgen fan loftmachtoefeningen yn it Lauwersmargebiet.
Dat is tasein oan de Waadferiening. Dy fynt dat de oefeningen de rêst yn natuergebieten fersteure. Ferline jier hat de Waadferiening dêrom mjittingen dien yn it Lauwersmargebiet, oft de F-16's ek te leech fleane of te folle leven feroarsaakje.