FNP wol betelbere wenningen

26 feb 2007 - 19:48

De FNP wol starters yn Noardeast Fryslân helpe oan in betelbere keapwenning. De partij hat ferskate bedriuwen ree fûn om te wurkjen oan in wenning, dy't net mear as 130-tûzen euro kostje mei.

Betinkst om de starterswenning yndie bouwe te kinnen is dat gemeenten de grûn dêrfoar net te djoer ferkeapje. De FNP fynt dat gemeenten oan't no ta te min omtinken jûn ha oan de bou fan betelbere wenningen foar jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)