Thomas jout reedrydles

Thomas docht it foar...
In lytse tritich bern krije moandei en tiisdei Thialf reedrydles fan Annamarie Thomas. Nei in jierrenlange karjêre as langebaanrydster organisearret sy sûnt koarten reedrydkampen foar bern fan 9 oant 15 jier.
De bern krije les yn it langebaanriden, mar ek yn it populêre keunstriden - in ûnderdiel dat Thomas sûnt har optreden yn Dancing on Ice ek ûnder de knibbel hat.