Sportprojekt yn súdwesten

26 feb 2007 - 14:06

Yn de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Nijefurd begjint takom wike it projekt Kies voor hart en sport. Doel is om bern út de groepen 6, 7 en 8 fan it basisûnderwiis mear oan it sporten te krijen.

Yn beide gemeenten dogge fyftjin skoallen mei. Der wurde sportlessen op skoalle jûn en der binne yntroduksjekursussen by ferienings. Alle learlingen kinne fergees ien kursus fan fiif lessen folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)