"PvdA grutste yn Steaten"

De webside fan Vraaghetdevries.nl
De PvdA soe by de Steateferkiezings fan 7 maart de grutste partij fan Fryslân wurde kinne. Dat is alteast de útkomst fan de lêste peiling fan it ûndersyksburo Vraaghetdevries.nl.
Studinten ha tûzen Friezen nei har stimgedrach frege en dêrút kaam nei foaren dat de PvdA aanst 12 sitten krijt en it CDA 11. Mocht dizze foarsizzing útkomme, dan soe dat betsjutte dat de PvdA foar it earst yn 20 jier wer de grutste fan Fryslân is.