Fandalen oanholden yn Wolvegea

26 feb 2007 - 10:50

De plysje hat sneontenacht fiif jonges fan 15 oant en mei 17 jier út Wolvegea oppakt foar fernielerij. De fertochten hiene op de Grindwei yn har wenplak stiennen op de rydbaan lein. Dy hiene se út in tún helle.

Ek hiene se in keunststof peal út de grûn skuord en op 'e dyk smiten. Fierders hiene de jonges in túnstek en autospegels fernield en aaien tsjin de ruten fan in hûs smiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)