Undersyk nei wenwinsken

26 feb 2007 - 10:27

Provinsje, gemeenten en wenningbouferieningen dogge in grut ûndersyk nei de wenwinsken fan Friezen. Ein maart krije goed 73.000 húshâldens in enkête yn de bus.

Der wurde ûnder oare fragen steld oer wat minsken fan har wenning en wenomjouwing fine, hoe faak oft se ferhuze binne en oft se dat yn de takomst ek fan doel binne. Yn it ûndersyk is spesjaal omtinken foar starters en âlderein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)