Frou ferwûne by ûngelok

26 feb 2007 - 10:20

In 21-jierrige frou is sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Easterwâlde. Op de Nanningawei ried se yn in bocht rjochttroch en bedarre mei de auto yn de sleat.

De frou koe sels út de auto komme en nei in hûs tarinne. De bewenners warskôgen de helptsjinsten. Doe't de sike-auto foar it hûs stoppe, koe in oare auto dy net mear ûntwike en botste der tsjinoan. Dy auto rûn swiere skea op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)