Ferwûne by fjochtpartij Balk

25 feb 2007 - 15:10

In jonge (19) út Rotsterhaule is dit wykein by in grutte fjochtpartij yn Balk sa yn inoar slein dat er nei it sikehûs moast. De plysje hat fiif fertochten oppakt út Den Haach en ien út Rotterdam nei de fjochtpartij.

It giet om jonge manlju tusken 16 en 20 jier âld. De fjochterij ûntstie sneontenacht om in oere as 4 oan de Gaaikemastrjitte. Der wie ek in groep fan It Hearrenfean by belutsen. Twa manlju binne yn it wetter rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)