Bistekwelling yn Drachten

25 feb 2007 - 14:54

De plysje hat sneontenacht in 19-jierrige man út Ternaard oanholden op fertinking fan bistekwelling. Om 01.00 oere hinne seagen plysjeminsken dat in groep jonges op de Drift by it busstasjon achter in tal einen oanrûn.

Ien fan har krige ien te pakken en smiet it bist op de grûn. Doe't de plysje derby kaam die bliken dat de ein al dea wie. De jonge is oanholden en ynsletten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)