Scouting siket frijwilligers

25 feb 2007 - 12:00

It wurdt hieltyd dreger om frijwilligers te finen foar de scouting. Mei te min frijwilligers kinne in soart aktiviteiten net trochgean.

Dat lûd wie sneon te hearren by de Baden Powell kuiertocht yn Noardburgum. Baden Powell wie de oprjochter fan de scouting. Oan it evenemint diene sa'n 600 scouts mei. Organisator wie scoutingklub De Twirre út Noardburgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)