CSL ferliest fan Drachten

24 feb 2007 - 22:01

Yn de oergongsklasse A fan de kuorbalkompetysje ferlear CSL sneontejûn mei 19-15 fan Drachten.

Troch dit ferlies hawwe de Britsumers de kampioenskânsen net mear yn eigen hân. CSL is mei 18 punten út 14 wedstriden útspile. Drachten hat mei noch ien wedstriid (tsjin DFD) te gean ien punt minder. De oare konkurrimnt foar de titel, ASVD, ferlear sneon mei 14-11 fan V en V en is ek útskeakele foar it kampioenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)