Jonges oanholden foar joyriden

© Omrop Fryslân
Trije jonges fan 16, 17 en 18 út Drachten binne sneontemoarn betiid oanhâlden fanwege joyriden en troch- riden nei in ûngelok. De jonges wiene op it Saailân yn Ljouwert tsjin in lampepeal en in parkearmeter oanriden en wiene dêrnei útnaaid.
De auto dy't se achterlieten wie fan in man út Drachten. Dy hie syn auto- kaaien meijûn oan in kunde. De plysje koe achterhelje wa't dat wie en naam him en syn twa maten mei nei it buro.