Ingeborg Kroon fjirde

24 feb 2007 - 15:00
  • Ingeborg Kroon (foto: Martin de Jong)

Reedrydster Ingeborg Kroon fan Snits is krekt bûten de medaljes fallen op it Wrâld Kampioenskip Allround foar junioaren yn Innsbruck. Op de ôfslutende 3 km waard se fyfde yn in tiid fan 4.40,9. Dêrmei klom se fan it sânde nei it fjirde plak.

De Nederlânse Van Riessen ried in hiele minne tiid, wêrtroch't se har earste plak kwytrekke oan de Koreaanse Noh. Van Riessen waard twadde en de Sineeske Fu tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)