Agressive fotoferkeapster

24 feb 2007 - 10:34

Wymbritseradiel hat de lêste tiid lêst fan in agressive fotograaf. In frou (60) bellet oan by minsken om har tsjinsten oan te bieden. Se besiket ek om yn it hûs te kommen. Letter komt se werom mei foto's dy't hielendal net besteld binne. De frou hâldt oan as storein en guon minsken betelje har dan tusken de 2,50 en 30 euro.

Foaral Drylts, Heech en Skearnegoutum binne populêr by de frou. De plysje freget slachtoffers om har te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)