Mar ien boete foar hurd riden
Nei oanlieding fan klachten fan buertbewenners hat de plysje freed in ferkearskontrole hâlden op de Swynswei by Nij Beets.
Bewenners fine al wat langer dat der fierstente hurd riden wurdt. De plysje hat freed lykwols mar ien boete útdield. In autobestjoerder ried 78 kilometer yn de oere, wylst 60 tastien is. De oare 24 auto's dy't foarby kamen, hâlden har wol oan de snelheid.