Wetterberging by de Tsjonger

23 feb 2007 - 21:38
  • Foto: Meindert van Dijk, Wetterskip

Oan de Tsjonger tusken Mildaam en Aldeholtwâlde wurdt de kommende moannen drok wurke oan it oanlizzen fan in nije wetterberging. It giet om in sânwinput mei wâlen der omhinne. Dêr kin yn koarte tiid miljarden liters wetter opslein wurde. Yn twa dagen tiid kin it wetterpeil fan de Tjonger dêrmei 8 sintimeter nei ûnderen brocht wurde.

De wetterberging by Mildaam is nei Grou de twadde yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)