Keurmerk foar De Stelp

23 feb 2007 - 17:58

Soarchsintrum De Stelp yn Hollum op It Amelân hat it keurmerk Veiligvoedsel.nl helle. Dêrmei wurdt foldien oan alle wetlike easken oer hygiëne en feilichheid fan iten. Der wurdt toetst op goed 300 ûnderdielen.

De Stelp krige in 8,8 en stiet dêrmei op it sânde plak yn de top 10 fan alle soarchynstellings mei it keurmerk. De Stelp is de earste ynstelling op de Waadeilannen mei it keurmerk. Se meitsje jierliks goed 30.000 mielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)