Breukers yn de kjeld

23 feb 2007 - 16:54
  • de gaskraan wurdt bûtendoar ôfsluten

It gas by de famylje Breuker yn Ljouwert is freed ôfsluten. De plysje moast der oan te pas komme om't de famylje it de meiwurkers fan Essent it wurk ûnmooglik makke hie. De famylje docht berop op in nije wet dy't yn de maak is. Dêryn stiet dat gas yn de winter net ôfsluten wurde mei.

Essent hie ferline wike besocht om it gesin ôf te sluten. Se rinne achter mei beteljen, mar Breuker hie it slot yn de meterkast stikken flekst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)