Amelân komt op shirts FC Grins

en sa komt it derút te sjen
Amelân wurdt de nije sponsor fan FC Grins. De fuotbalklub en it Waadeilân ha in oerienkomst sletten foar trije jier. By de útwedstriden komt achter op it shirt de tekst Ameland.nl te stean. De eilanner ûndernimmers hoopje sa op in groei fan tsien prosint fan it toerisme. Dat komt del op goed tsien miljoen euro.
It sponsorkontrakt kostet Amelân it earste jier 170.000 euro. Dêr komt elk jier 10.000 euro mear by.