Smellingerlân hat wer omrop

Smellingerlân hat wer in eigen omrop
Smellingerlân hat wer in lokale omrop. Smelne FM is tenei alle dagen op de radio te hearren yn de gemeente. De nije omrop bestiet foar in grut part út frijwilligers fan de eardere lokale omrop RTS Smellingerlân. Dy gie twa jier lyn fallyt.
De programmearing fan Smelne FM sil net bot feroarje yn fergeliking mei RTS Smellingerlân. Allinne wurdt der no gjin televyzje mear makke.