EK famkestennis yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It Europeesk tenniskampioenskip foar lanneteams foar famkes oant en mei fjirtjin jier is freed yn Ljouwert begûn. Yn de seal fan tennispark de Molen binne fan dit wykein acht teams dy't stride om de Europeeske titel.
Nederlân hat him net pleatst. Favoryt binne Wyt Ruslân en Servië. De top trije fan de wrâld oant fjirtjin jier docht mei. It toernoai is de winteredysje fan de Windmill Cup.