Hoareka wiist smookferbod ôf

© Omrop Fryslân
Hoareka Fryslân is net bliid mei it foarnimmen fan minister Klink fan folkssûnens om dit jier it smoken yn hoarekagelegenheden te ferbieden.
De sektor hat mei Hoogervorst, de eardere minister foar folkssûnens, ôfspraken makke om it smoken sels oan te pakken. De horeaka hat dêr oant 2009 de tiid foar krigen. Foarsitter Baukje de Vries fan Hoareka Fryslân giet der fanút dat de ôfspraken mei Hoogervorst gewoan stean bliuwe.