De Vries twadde op WK

23 feb 2007 - 13:28

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea is nei twa ôfstannen twadde op it Wrâld Kampioenskip Allround foar junioaren yn Innsbruck. Op de 3000 meter waard er tredde en op de 500 meter waard er fyfde. De Koreaan Mo stiet earste mei 1 sekonde en 82 hûndertste foarsprong op De Vries foar de 1500 meter.

Ingeborg Kroon fan Snits stiet fjirde by de froulju. Sy wûn de 1500 meter. Laurine van Riessen is earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)