Mooglik ierdwaarmte by kassen

23 feb 2007 - 12:46
  • ûndersyk nei opwaarmjen fan de kassen mei ierdwaarmte

De Universiteit fan Wageningen ûndersiket hoe't de glêstúnbou by Berltsum gebrûk meitsje kin fan waarmte fan de ierde. Dat bart yn opdracht fan de projektgroep Westergozône. It ûndersyk makket diel út fan de proef Waddenkas.

Troch it tapassen fan ierdwaarmte kin it enerzjyferbrûk yn de glêstúnbou bot ôfnimme. De provinsje, it ministearje fan LNV en tal fan bedriuwen betelje de proef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)