Help frege by opromaksje

Steatsboskbehear wol rommel yn Lauwersmargebiet oprêde
Steatsboskbehear siket frijwilligers. Se moatte helpe it nasjonaal park Lauwersmar skjin te meitsjen. Alle jierren wurdt dêr in protte ôffal achterlitten. Dat kin gefaarlik wêze foar bisten. Om de troep op te rêden, binne in soad minsken nedich. Bern fan seis jier ôf binne ek wolkom.
De opromaksje wurdt sneon 17 maart dien. Minsken dy't meihelpe wolle, kinne har opjaan by Steatsboskbehear.