Ekstra jild foar skoallen

23 feb 2007 - 11:14
  • Goed oplette tidens de les
  • Groepen 3 en 4 fan basisskoalle De Balkwar yn Koatstertille

Fryske skoallen kinne ekstra jild krije foar it oplossen fan learachterstannen. De provinsje hat foar fjouwer jier in bedrach fan goed 10 miljoen euro beskikber steld. Deputearre Mulder hat freed op basisskoalle de Balkwar yn Koatstertille it startsein jûn foar de útfiering fan de nota Boppeslach.

Skoallen moatte it jild brûke foar ynvestearrings yn it ûnderwiis. Se kinne bygelyks nije lesmetoades keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)