Minder jild foar Fryslân?

Baas: nij kabinet sit de provinsje yn it paad....
It nije kabinet sit de provinsje slim yn it paad. Dat fynt deputearre Ton Baas fan de VVD. Neffens him hellet it nije kabinet ien miljard euro út it provinsjefûns. Dêr sit jild yn dat it Ryk oer alle provinsjes ferdielt.
Ek wol it Ryk no achthûndert miljoen euro besteegje fan it jild dat de provinsjes op 'e bank te stean hawwen. En as it rekkenriden ynfierd wurdt, rinne de provinsjes boppedat ek it jild fan de opsinten mis.